Singelland-skoalle 'te keap'

Alle lokaasjes fan it Singelland steane sûnt freedtemoarn te keap
Alle lokaasjes fan it Singelland yn Drachten steane sûnt freedtemoarn te keap. It gebou moat goed 15 miljoen euro opbringe. Mei it ludyk bedoelde te keap setten protestearret de skoallieding tsjin de besunigingsplannen fan it kabinet foar grutte fúzjeskoallen.
Yn Fryslân soene dêrtroch tsientallen arbeidsplakken ferlern gean kinne. Fierder soe it mooglik ek de ein betsjutte kinne fan bûtenlokaasjes.