Mobile himpkwekerij oprôle

14 sep 2007 - 11:00

De plysje is op dit stuit op bedriuweterrein Skinkeskâns yn Ljouwert dwaande mei it oprôljen fan in marihûana-kwekerij. Der binne ferskate frachtweinen mei oplizzers fûn mei mobile himpkwekerijen fan inkelde hûnderten planten der yn. Yn in loads is ek in kwekerij oantroffen.

It is yn koarte tiid foar de twadde kear dat der yn Fryslân in mobile himpkwekerij oantroffen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)