Afonso Alves noch net werom

14 sep 2007 - 10:38
  • Alves kaam de ôfrûne wike wol twa kear yn aksje foar syn nasjonale alvetal
  • De Braziliaan Paulo Henrique pakte wol it goeie fleantúch (foto Martin de Jong)

Fuotballer Afonso Alves fan sportclub Hearrenfean is noch net weromkaam yn Nederlân nei de wedstryd dy't er woansdei mei it nasjonale team fan Brazilië spile hat tsjin Meksiko. Alves hie tongersdei weromkomme sillen.

De club tinkt dat er nei Brazilië gien is en hat gjin idee wannear't er him wer melde sil. It is net de earste kear dat net bekend is wêr't Alves úthinget. Hy miste ek al de earste trainingen en it fuotbalgala.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)