Soargen CDA oer netkapasiteit

14 sep 2007 - 07:13

De CDA-steatefraksje makket him soargen oer de ynvestearrings fan ûndernimmers yn Fryslân yn duorsume enerzjy. De netkapasiteit is net grut genôch en dêrom moatte wynmûnen en biogas-ynstallaasjes wer ôfkeppele wurde.

De fraksje sil deputearre steaten hjir op oansprekke, omdat dy oandielhâlder fan netbehearder NUON binne. De problemen spylje yn de súdwesthoeke fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)