Weblog foar boargemaster

14 sep 2007 - 06:16

Boargemaster van der Zwan fan Achtkarspelen wol op ynternet kontakt sykje mei de ynwenners fan syn gemeente. Hy begjint dêrom freed mei in weblog. Van der Zwan wol de ynwenners fan Achtkarspelen sjen litte wat er by de ein hat.

Minsken kinne reagearje en him witte litte wat sy belangryk fine. Om freedtemoarn alve oere is it weblog fan de boargemaster on-line gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)