Wer gjin beslút Suderseespoar
Der is op 'e nij gjin dúdlikens kaam oer de takomst fan it Suderseespoar. Dat is de flugge treinferbining tusken de rânestêd en it noarden. De noardlike provinsjes hiene tongersdei oerlis mei minister Eurlings fan ferkear oer it spoar.
De minister wol de knoop noch net trochhakke. De provinsje-bestjoerders moatte sels mei in listje fan winsken komme. De minister nimt dêrnei it definitive beslút oer de spoarline.