Agraryske Dei giet net troch

© Omrop Fryslân
De jierlikse Agraryske Dochdei fan de Agraryske belangeferiening Eaststellingwerf giet snein net troch. Dat hat de organisaasje besletten. Fanwege de tongblier yn Ingelân mei der gjin skiep, geiten, bargen en rundfee ferfierd wurde.
De 'dochdei' soe holden wurde op de pleats fan de famylje Sloot yn Makkingea en opnaam wurde yn in fytsrûte fan de ANWB. Der wie rekkene op tûzen besikers.