Benefyt foar anoreksiapasjinte

Der komt in benefytkonsert foar anoreksiapasjinte Saskia van Ruiten
In radiostasjon yn Zwolle hâldt in benefytkonsert foar Saskia van Ruiten út Ljouwert dy't anoreksia hat. It konsert is nei alle gedachten yn Den Bosch. Saskia kin yn Nederlân net mear holpen wurde en hat jild nedich foar in behanneling yn Sweden.
It ynternetstasjon begûn al mei de tariedings doe't Saskia yn it SBS-nijs fan Hart van Nederland kaam. Letter sei 'in miljonêr' dat se jild krije soe, mar dat wie in oplichter.