Unôfhinklik ûndersyk Fryskers

© Omrop Fryslân
Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de feiligens fan Fryskerbussen. Dêrby moat ek sjoen wurde nei de wurkomstannichheden fan 'e sjauffeurs fan ferfierder Connexxion. Dat freget GrienLinks Fryslân oan Deputearre Steaten.
Fakbûnen FNV en CNV sette fraachtekens by de feiligens fan 'e buskes. Se binne net te sprekken oer ûnder oare de skofttiden, de krappe oanrydtiden en de krapte oan personiel.