Frou út 'e sleat rêden
Helptsjinsten hawwe tongersdei oan it begjin fan 'e middei by Aldemardum in frou út 'e sleat helle. De frou wie by fersin de sleat yn fytst en koe der op eigen krêft net mear út komme.
By de helpaksjes waard de brânwachtkorpsen fan Bakhuzen en Snits ynset. De frou is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.