Montessoriskoalle: te min bern

13 sep 2007 - 12:50
  • Der binne noch mar 21 learlingen op dizze Montessoriskoalle yn Easterwâlde

De Montessoriskoalle yn Easterwâlde wurdt mei sluting bedrige. As der foar 1 oktober net twa learlingen bykomme moat de skoalle ticht. Der binne op dit stuit noch mar 21 learlingen, wylst 23 it wetlik minimumtal is.

Ferline jier hie de skoalle noch 38 learlingen. It tal bern is slim sakke nei in min rapport fan de ynspeksje oan it begjin fan dit jier. In soad âlden hellen doe de bern fan skoalle ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)