Fragen oer âlde Frysk Museum

13 sep 2007 - 11:56

De PvdA-Fryslân makket him soargen oer de takomst fan de gebouwen dêr't it Frysk Museum no noch yn sit. It Eysingahûs en de Kânselarij wurde mooglik kocht troch de Friesland Bank.

Fan de Kânselarij soe de bank in kantoar meitsje wolle. De PvdA freget him ôf oft it histoaryske gebou dan noch wol foar publyk tagonklik is. It Eysingahûs wol de partij in 18e-ieusk wenhûs fan meitsje. Dat is in weardige bestimming, sa fynt de PvdA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)