Doutzen yn boek Wieke de Haan

Doutzen Kroes
Frysk ynternasjonaal topmodel Doutzen Kroes is ynterviewd troch Wieke de Haan foar de Haan har nije boek. It hat de titel 'Wat is moai' en giet om it wêzen fan skjintme. It boek wol in tsjinwicht biede tsjin de oerdreaune oandacht foar uterlikheden.
De Haan hat foar it boek sechstjin sterke froulju befrege, mei ûnder oare Doutzen Kroes. Op 6 jannewaris is de presintaasje yn it Fries Museum yn Ljouwert.