Glêzewaskers meitsje brân út

13 sep 2007 - 10:09

Twa rúthimmelder-fan-berop hawwe woansdei foarkaam dat yn Snits in wenhûs ôfbaarnde. Se seagen dat de ûnderste ferdjipping fan it hûs oan De Hoppen fol reek stie en dat der brân wie. De twa koene de brân útmeitsje mei in túnslang dy't achter it hûs lei.

Op it stuit fan de brân wienen gjin minsken yn it hûs. De brân is nei alle gedachten ûntstien trochdat in oplader fan in laptop te hyt wurden wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)