Alves skoart foar Brazilië

13 sep 2007 - 09:29

Oanfaller Afonso Alves fan SC Hearrenfean hat syn earste goal foar it nasjonale team fan Brazilië makke. De Brazilianen wûnen woansdei yn Boston mei 3-1 fan Meksiko. Alves makke it tredde doelpunt. Hy stie doe noch mar in pear minuten yn it fjild.

Foar SC Hearrenfean kaam de topskoarder fan ferline jier noch net yn aksje. Mooglik dat er sneon yn de útwedstriid tsjin Excelsior foar it earst yn aksje komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)