Walfisk komt wat letter werom

12 sep 2007 - 22:38

De ûntbleating fan it walfiskbyld fan Anne Woudwijk dat op de pier by Holwert komme moat, is útsteld. It byld soe takom wike ûntbleate wurde, mar it transport is dreger as foarsjoen. Der is in kraanskip foar nedich. Rederij Wagenborg ferwachtet binnen fjirtjin dagen sa'n skip te regeljen.

Eartiids lei it byld yn see, mar yn 2001 botste der in fearboat tsjinoan. Sûnt leit it byld yn opslach yn Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)