Winst foar Oranjewoud

© Omrop Fryslân
Yngenieursbedriuw Oranjewoud op It Hearrenfean hat yn de earste helte fan dit jier goed 6 miljoen euro winst makke. Dat is hast 3 kear safolle as it earste healjier fan 2006. Dat komt ûnder oare troch de oankeap fan goedrinnende bedriuwen. Ek draait it bedriuw troch de goeie ekonomy better as yn eardere jierren.
It personielsbestân fan de organisaasje is ek groeid fan 1250 meiwurkers nei in dikke 2000.