Beammekaap kin trochgean

© Omrop Fryslân
De beammekaap yn it Drents-Friese Wold kin gewoan trochgean. Der hoecht net wachte te wurden oant der in behearplan foar it hiele gebiet oanwiisd is. Dat hat minister Verburg fan lânbou antwurde op keamerfragen.
Twa keamerleden woene witte oft it nedich is om de kaap stil te lizzen no't it Drents-Friese Wold oanwiisd is as Natura 2000-gebiet. Neffens de minister past de beammekaap yn de omfoarming fan bosk nei heide.