Nij foarstel oefenjen korpsen

De fanfare fan it Grinslanner Doezum spile woansdei út protest yn in tobbe
De kâns is grut dat muzykkorpsen yn de takomst gewoan safolle oefenje kinne as se wolle. In foarstel om dat mooglik te meitsjen is nei minister Jacqueline Cramer fan miljeu gongen.
Yn it nije foarstel stiet ûnder oare dat korpsen dy't gjin fersterkers brûke, alle jûnen oant alve oere oefenje meie. Fierder komt der lanlik belied op de oefentiden fan muzykkorpsen. No is it sa dat gemeenten dêr sels oer beslisse.