Steaten lilk oer 'lyk yn kast'

It tydlike ûnderkommen fan de provinsje-amtners
De steatefraksjes fan FNP en CDA neamme de boeteklausule foar langere tydlike húsfesting fan it provinsjehûs in 'lyk yn de kast'.
Woansdei waard dúdlik dat it in soad jild kostje sil as de provinsje it tydlike ûnderkommen oan de Snitsertrekwei langer hiere wol. It earste jier kostet dat 600.000 euro, it twadde jier 1 miljoen en 3000 euro deis. De Steatefraksjes hiene earder fan de klausule witte wollen.