'WMO tagonkliker meitsje'
It wurdt foar Ljouwerters ienfâldiger om soarch te krijen. De gemeente Ljouwert wol de Wet Maatschappelijke Ondersteuning makliker tagonklik meitsje.
Minsken mei in hendikep kinne foarsjenningen fergoede krije troch de WMO. Mar ek minsken mei geastlike problemen kinne jild krije út dy pot. It nije WMO-plan fan Ljouwert moat derfoar soargje dat it jild better teplak komt.