Hynstepriis nei Ljouwert

12 sep 2007 - 14:49

De Fryske Hynstepriis giet dit jier nei frou Tolman-Jensma út Ljouwert. De priis wurdt elts jier jûn oan immen dy't him ynset foar de hynstesport.

Tolman-Jensma wie tweintich jier lang aktyf foar it Konkoers Hippique yn Sint Anne. Fierder wie se oprjochter fan De Molenruiters út Froubuurstermûne en wie se bestjoerslid fan de Poptaruiters út Dronryp. De priis is De Guds, in fyftich sintimeter heech brûnzen byld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)