Tydlik provinsjehûs djoerder

12 sep 2007 - 14:31

De tydlike húsfesting fan it provinsjehûs kostet folle mear as begrutte. Omdat it nije provinjehûs mooglik letter klear is troch fertraging, moat it tydlike ûnderkommen langer hierd wurde.

It hierkontrakt mei Achmea foar it gebou oan de Snitsertrekwei rint yn 2009 ôf. De provinsje moat foar in ekstra jier 600.000 euro betelje. Dy boeteklausule is net yn de Steaten bepraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)