Nij ûntwerp foar provinsjehûs

De kontroversjele wynmolens komme net werom yn it definitive ûntwerp fan it provinsjehûs oan de Twabaksmerk yn Ljouwert. It definitive ûntwerp fan arsjitektenburo Soeters, Van Elsdonk en Ponec wurdt woansdei presintearre.
In mearderheid fan de gemeenteried fan Ljouwert hie in probleem mei de wynmoles op it dak fan it nije amtlik ûnderkommen. De steateleden binne woansdeitemoarn ynformearre oer it definitive ûntwerp.