Wetterskip wol stipe Waadfûns

12 sep 2007 - 13:21

Wetterskip Fryslân hat in oanfraach fan 300.000 euro dien by it Waadfûns. Dat jild is bedoeld foar trije projekten yn it Waadgebiet.

By it gemaal fan Swarte Hoanne moat in fiskhevel makke wurde. Ek yn Dongeradiel moatte maatregels naam wurde om de fiskstân te ferbetterjen. Op It Amelân wol it wetterskip jild stekke yn de oanpak fan wetteroerlêst yn de polder Ballum-Hollum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)