Josse de Haan wint Gysbert

12 sep 2007 - 12:18

Fries-om-utens Josse de Haan út Hendaye yn Frânsk Baskelân wint de Gysbert Japicxpriis 2007. De Haan krijt de priis foar it fernijende yn syn folsleine oeuvre. De Gysbert Japicxpriis is mei 5.000 euro de grutste literêre priis fan Fryslân.

Josse de Haan wennet al in jier as 15 yn Baskelân en is ien fan de meast produktive Fryske skriuwers. Syn roman 'Piksjitte op snyp' is de krisity ien fan syn bêste boeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)