Nije supermerk De Jouwer mei

12 sep 2007 - 11:18

Der mei in C1000-supermerk komme oan de Borgerstrjitte op de Jouwer. Dat hat de Raad van State útsprutsen yn in saak dy't oanspand wie troch in pear tsjinstanders.

Dy fine dat der al mear as genôch supermerken binne op 'e Jouwer. Ek soe it te drok wurde mei ferkear as der noch ien bykomt en soe der te min parkearromte wêze. De Raad van State fynt dat gjin fan dy arguminten hurd te meitsjen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)