Stellen guod weromfûn
Yn in wenning yn Easterwâlde hat de plysje stellen guod weromfûn. Ek stiene der hennepplanten. De 33-jierrige bewenner is sneon oanhâlden foar heling en it ferbouwen fan wyt.
Yn syn hûs stiene ûnder oare in stofsûger, in dvd-spiler en in bôleroaster, dy't stellen wiene troch in 23-jierrige man. Hy is ek oanhâlden.