Start CNV-aksje yn Drachten

In aksjekreet op de gevel fan it CNV-gebou
By it CNV-kantoar yn Drachten is woansdeitemoarn de kampanje 'Ontslagrecht de groeten' fan start gien. Oan de gevel fan it kantoar is in spandoek mei dêrop de askjekreet ûntbleate.
It kabinet wol it ûntslachrjocht feroarje om wurknimmers ienfâldiger ûntslaan te kinnen. De fakbûnen binne hjir poer op tsjin en sille de kommende wiken de leden ynformearje. Mooglik komme der letter aksjes.