Riolearingsplan Dongeradiel

11 sep 2007 - 16:19
  • Wetteroerlest Dokkum yn 2006

In nij riolearingsplan moat foarkomme dat de gemeente Dongeradiel problemen krijt mei wetteroerlêst. De riolearing yn Dongeradiel hat ferlet fan in opknapbeurt. De gemeente hat dêr trije plannen foar klear te lizzen.

Yn it earste plan wurdt it besteande rioel opknapt. De twadde fariant rint foarút op ferwachte ûntwikkelingen lykas mear wetteroerlêst troch de buien. De tredde rint foarút op takomstige klimaatferoarings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)