Gjin animo moarnsbrochje

11 sep 2007 - 15:54

Foar it moarnsbrochje foar boargers fan 'e gemeente Achtkarspelen hawwe harren mar fyftjin minsken opjûn. It giet om in gemeentlik inisjatyf as ôftraap foar Nationale Burendag, wêrby't wiken, strjitten en buerten sels wat gesellige dingen dogge.

It moarnsbrochje yn buffetfoarm is sneontemoarn op de oprit fan it gemeentehûs yn Bûtenpost. De gemeente rekkenet op fyftich dielnimmers, mooglik út nije, spontane oanmeldings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)