'Miljonêr' wurdt oppakt

11 sep 2007 - 15:37

De plysje sil op koarte termyn de 'miljonêr' oanhâlde dy't Saskia van Ruiten út Ljouwert jild foar har annoreksiabehanneling tasein hie. De man sei dat er jild wûn hie mei in kânsspul, mar dat blykte net wier te wêzen. It Iepenbier Ministearje hat tastimming jûn foar syn arrestaasje.

Op fersyk fan 'e Ljouwerter resjerzje ûndersykje alle plysjekorpsen oft der yn it ferline al earder oanjefte dien is tsjin de 32-jierrige oplichter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)