Fal by oerstappen skip-skobak

© Omrop Fryslân
In frou út Rotterdam is moandeitejûn slim ferwûne rekke doe't se beknypt rekke tusken in skip en in skobak. De frou stie fan it iene nei it oare oerstappe, mar dat gie mis. It ûngelok barde by de slûs yn Starum.
De 60-jierrige skipper út Rotterdam wie op de Iselmar in skobak ferlern. Hy sleepte de bak mei in line nei de slûs ta. De frou holp dêrby, mar foel tusken it skip en de bak. Se is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.