Jelma Wiegersma stapt út de SP

11 sep 2007 - 12:05

It Oeriselske SP-steatelid Jelma Wiegersma sil nije wike de SP ferlitte. Friezinne-om-utens Wiegersma makke dat tiisdei bekend yn radioprogramma Omnium. Wiegersma is teloarsteld yn de wize wêrop de partij omgien is mei senator Yildirim.

Yildirim waard út de partij set, omdat hy wegeret om syn sit yn de senaat op te jaan. Wiegersma makket nije wike bekend oft se de steaten ferlit of oerstapt nei de partij fan Yildirim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)