Keunst op stroomkastjes

11 sep 2007 - 11:10

Elektrisiteitskastjes yn 'e gemeente Ljouwert moatte opfleure wurde troch lokale keunstners. Dat wol de PvdA yn 'e stêd. Enerzjybedriuw Essent hat in regeling om trafokastjes fan keunst te foarsjen. It liket de PvdA in goed idee om Ljouwerter keunstners dêrfoar yn te setten. De keunst moat in relaasje hawwe mei de omjouwing.

De fraksje freget it kolleezje wat mei Essent ôf te praten, sadat de wykpanels de keunstners ynsette kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)