Gerrit Krol yn bestjoer VNG
Wethâlder Gerrit_Krol fan Ljouwert sit sûnt tiisdei offisjeel yn it lanlike bestjoer fan de VNG. Dat is de feriening fan Nederlânske gemeenten. Hy nimt mei syn beneaming it plak yn fan Geert Dales, de âld-boargemaster fan Ljouwert. Krol is njonken wethâlder ek loko-boargemaster fan Ljouwert.
Krol wie al foarsitter fan 'e Feriening fan Fryske Gemeenten.