Soad claims foar planskea

11 sep 2007 - 10:49

Achtkarspelen hat dit jier mear claims foar planskea as oars. It kostet de gemeente jild de fersiken te beoardieljen. De ferwachte 25.000 euro blike te min te wêzen foar dit jier. Der binne oant no ta tsien fersiken yntsjinne. It behanneljen fan ien kostet 2500 euro.

De gemeente ferwachtet foar de rest fan it jier noch fiif claims. Dus moat der nochris 12,500 euro ekstra op it kleed komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)