Friezen twad-bêste grientesaak

11 sep 2007 - 10:41

Klaas en Maaike van der Meer út Damwâld binne moandei yn Rotterdam as twadde einige by de lanlike ferkiezing Beste Grienteman fan 2007. De Van der Meers hawwe in grientesaak yn it winkelsintrum fan Damwâld en wiene ien fan de seis finalisten. Op it ûnderdiel produktkennis hellen se sels de earste priis.

De haadpriis gie nei in grientesaak yn Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)