SP ageart tsjin koalesintrale
De steatefraksje fan de SP wol dat de provinsje protestearret tsjin de komst fan in koalesintrale yn de Eemshaven. Dêrtroch komt der minder romte op it heechspanningsnet foar duorsume enerzjy fan bygelyks wynmûnen. Neffens de SP is dy nije sintrale in gefaar foar de duorsume enerzjysektor.
De provinsje is oandielhâlder fan enerzjybedriuw NUON en soe dêrom garânsjes easkje moatte dat NUON duorsume enerzjy oanbieden bliuwt.