'Feiligens B'him opskroeve'

11 sep 2007 - 07:01

It CDA yn Boarnsterhim fynt it feilichheidsplan fan de gemeente net strang genôch. Der moat mear dien wurde oan ferkearsfeiligens en oan de oerlêst yn de rekreaasjegebieten. Der moatte mear snelheidskontrôles komme op de doarpen om't der yn Boarnsterhim mear ûngelokken gebeure as yn oare gemeenten. Yn toeristeplakken is te folle oerlêst, geweld en fernielerij.

It CDA fynt it in goede saak dat de plysjeposten iepen bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)