Strangere regels feetransport

10 sep 2007 - 21:52

Minister Verburg sil der better op ta sjen dat de regels rûn feetransport neilibbe wurde.

It giet om it ferfier fan bargen en kij. Earder koene transporteurs foldwaan mei in protokol. Dêryn stie dan dat se har holden oan de ôfspraken en waard de ynhâld fan de frachtwein net mear kontrolearre. Fan no woansdei ôf ferfalle dizze protokollen. Der komt dan folle mear tasicht op it ferfier fan fee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)