Hústest foar âldere minsken

© Omrop Fryslân
Aldere minsken kinne harren wente teste op feiligens en komfort. De saneamde hústest. It giet hjir om in inisjatyf fan Wonen Zuidwest Friesland yn Balk en Welkom yn Boalsert.
Bewenners kinne op ynternet in fragenlist ynfolle oer de ferskate romtes yn hús. De oanfreger krijt ferfolgens in boekje mei advizen en in offerte om foarsjennings te treffen yn de wenning. Doel is dat âlderen der sa langer wenjen bliuwe kinne.