Wurk Polderkanaal mei net los

10 sep 2007 - 17:18

Der mei foarearst net begûn wurde mei de wurksumheden foar it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. Dat hat de Raad van State bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch de Fryske Miljeufederaasje en de Fryske Feriening foar Fjildbiology.

Salang dêryn gjin útspraak dien is mei der neat dien wurde. De twa miljeuclubs binne benaud dat troch it baggerwurk it unike ekosysteem oantaaste wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)