Skippersynternaten sitte krap

10 sep 2007 - 14:25

Skippersynternaten ha rap ekstra jild nedich om de soarch foar de bern op in akseptabel peil te hâlden. Dat seit direkteur Berendsen fan it ynternaat It Kompas op De Lemmer. In delegaasje yn Den Haach frege om in ekstra bydrage fan 7 miljoen euro yn it jier.

Meiwurkers fan in ynternaat fertsjinje 400 euro yn 'e moanne minder as kollega's yn oare opfangsintra. Fierder is de jierlikse fergoeding al jierren deselde, mar de kosten heger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)