'Mear tsjerken kinne iepen'

Der kinne noch mear tsjerken meidwaan oan it projekt Tsjerkepaad. Dat seit algemien koördinator Groenveld.
Dizze simmerperioade hawwe sa'n hûndert Fryske tsjerken op sneon iepen west foar publyk, mar der kinne noch mear dielnimmers by. Nij dit jier wie dat ek 30 tsjerken yn Súdeast-Fryslân op sneon de doarren iepen hân hawwe foar publyk. Ofrûne sneon is it projektseizoen 2007 ôfsluten yn de Mennistetsjerke op 'e Gordyk.