Mooglik baneferlies by Philips

Der is ûnrêst ûnder de meiwurkers fan Philips yn Drachten. De multinasjonal wol alle takken binnen it konsern werombringe nei trije haadûnderdielen: ljocht, konsuminten en medysk. De reorganisaasje moat it bedriuw alle jierren 100 miljoen euro opleverje.
Yn Drachten wurde der foaral apparaten makke foar de konsumintemerk. Omdat noch net dúdlik is oft de reorganisaasje banen kostet, sitte in protte meiwurkers mei fragen.