Mear besikers Wenfestival

10 sep 2007 - 10:29

It Wenfestival yn Ljouwert hat ôfrûne sneon 12.000 minsken lutsen. Dat binne der twatûzen mear as de twa foarige Wenfestivals.

In grut tal projektûntwikkelders, makelders en wenningkorporaasjes lieten op it Wenfestival sjen wat der yn de stêd sa al oan huzen te keap en te hier is. Minsken koene ek advys krije fan interieurspesjalisten en mei in Oldtimerbus de ferskate wenlokaasjes by del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)