Man falt fan steiger

10 sep 2007 - 10:05

In 43-jierrige man is sneintemiddei in pear meter fan in steiger fallen doe't er oan it klussen wie achter syn pleats op de Rykswei by Jirnsum. Dêrby hat er beide polsen brutsen en ferwûnings oan de holle oprûn.

De man hie in ljedder boppe op in rolsteiger setten. De ledder glide ûnder út, wêrtroch de man in grutte klap makke en op in betonplaat delkaam. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)