Partoer Bouma wint yn Marsum

© Omrop Fryslân
It partoer fan Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk hat snein it haadklasse keatsen yn Marsum wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-3 en 6-0 fan it partoer Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Chris Wassenaar.
De tredde priis wie foar Sibbele Lootsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. Rutmer van der Meer is winner wurden fan it seizoensklassemint mei 45 punten.