Saak brân Wikel noch net rûn

09 sep 2007 - 17:56

De plysje kin de saak tsjin in fertochte fan 13 brannen yn Wikel en omjouwing dreech rûn krije. Ofrûne freed is in ynwenner (20) fan Gaasterlân-Sleat foar de twadde kear oppakt op fertinking fan brânstifting.

De man is yn febrewaris ek oppakt, doe moast er wer frijlitten wurde fanwege gebrek oan bewiis. Nei oanlieding fan in nije brân yn it wykein fan 2 septimber is de man opnij oanhâlden. Ek no is it bewiis noch net slutend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)